centrale as centrale as         
 
 
 
 
    
Adverteren bij Daisycon
Gjin bommen ûnder Sintrale As
zaterdag 13 juli 2013

By it ûndersyk nei mooglike eksplosiven oan de súdkant fan Burgum, binne oant no ta gjin gefaarlike objekten fûn. Wol binne trije metalen stikken fûn dy't ôfkomstich binne fan mortiergranaten. Oan de súdkant fan Burgum komt it akwadukt foar de Sintrale As, de nije dyk fan Dokkum nei Nijegea. Earst is in ferkennend ûndersyk dien nei âlde bommen. Doe binne 74 fertochte lokaasjes nei foaren kaam. Dy wurde no stik foar stik neirûn en foarsichtich opgroeven.

Letter wurdt der ek tichterby de brêge noch sa'n ûndersyk dien. Ut de histoarje is bekend dat der yn de Twadde Oarloch wol sketten is by Burgum en dat der bommen brûkt binne. De bou fan it akwadukt by Burgum begjint takom jier. De nije dyk moat ein 2015 of begjin 2016 klear wêze.
Bron: Omrop Fryslân...
Dokkum
Damwoude
Broeksterwoude
Veenwouden / Veenwoudsterwal
Noardburgum
Hurdegaryp
Burgum
Garyp
centrale as

Google
Deze poll is gesloten.

Er zijn 1000 bezoekers geweest die hun stem hebben uitgebracht op onze poll.

Hieronder de uislag van de poll.

Vastgestelde tracé 40.3%   
Alternatief 12.1%   
Geen Centrale AS 47.6%   
 
Aantal stemmen: 1000
 

© Centrale AS 2005 - 2024